A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbĂ» / hbĂ»

Tour de Frise

troch: Meindert Bylsma

L’Aubisque,
Le Galibier.
Jawis.
Mar dy’t myn berchetappe op ‘e seedyk
fan Harns nei Surch, mei bolderige wyn
en pûsters as in orkaan, ferlytset ta
in traapke fan ‘e mollebultkategory, ik
sil him lek stompe litte op basaltblokken
fan smeulske praatsjes.

 

Marie-Blanque,
Mont Ventoux.
Jawis.
Mar dy’t myn flecht as earn op ‘e flanken
fan ‘e seedyk fergniist ta gewjukkel fan in
seemok mei lamme flerken, ik sil him mei it
sâlte skom foar de eagen, yn skieppekeutels
fan lĂŞberij en spytgnyskjende wynflappen
nei de siken gapje litte.

 

Puy de DĂ´me,
La Colombière.
Jawis.
Mar dy’t myn pompebledsjestrui ferraffelje
en ferbreidzje wol ta in neatsizzende
spikkeltsjestrui, ik sil him sa Ă´fraffelje dat
der gjin spikkel mear fan te breidzjen is.

 

L’Iseran,
Le Télégraphe.
Jawis.
Moarn mar wer ris sjen hoe’t de wyn waait
op ‘e seedyk.

 

Ut: Skriuwerskalinder 2013