A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Tom-tomtom

troch: Jelle Bangma

Moatsto hjoed noch erges wêze,
giesto gauris op ‘en paad,
hast dyn nocht fan áltyd lêze,
brûk dan net in wegekaart.
Kaarten binne foar de dommen,
brûk in tomtom om te gean
en fansels ek om te kommen
tomtom lit dy nerges stean.

Lolkje Leistra soe nei Ljussens:
gjin tomtom, no dy hat baald!
Oeren wie se fan it sintrum,
is yn Morra raar ferdwaald.
Abe Skikstra woe nei Skingen,
mar hy hie it sicht net skerp,
siet mar achter ’t stjoer te stinnen
en kaam út yn Slappeterp.

Dus ast op ‘e doele rekkest,
of do bist de rjochting kwyt,
bist it paad al jierren bjuster
gean op reis mei Tom en wyt:
rjochte diken kletst er krom,
Tom is werklikwier net dom.
Kinst hast blyn de wrâld wol om
mei dyn slimme freon Tomtom.