A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Tolve keamers

troch: Jelle Bangma

‘k Bou in hûs mei tolve keamers,
foar de fun en it gemak.
Mei in swimbad en in glydbaan
en in fuotbalfjild op ’t dak.

 

Mei in keamer om te sliepen
yn in himelheech grut bêd.
Mei in keamer om te iten,
kant en klear en altyd sêd.

 

Yn ‘e televyzjekeamer
filmkes op ‘e fideo.
Oerenlang CD-tsjes draaie,
lekker lûd yn stereo.

 

Mei in romte om te tinken,
stil te wezen, gjin geflean,
om te lêzen, wei te wurden,
kjessendjip, as yn in dream.

 

En in bosk yn keamer njoggen,
nûmer san in hiel heech dún,
komme wy yn nûmer alve;
cool! in fette boarterstûn!

 

Tolve keamers om te libjen,
tolve keamers foar de fun,
en ik noegje al myn freonen,
om’t ik dat myn freonen gun!

 

‘k Bou in hûs mei tolve keamers,
dèr’t ik alles, alles kin.
Mar no ’t ik der sa oer neitink:
tolve is noch fierste min!

Út: SMS in fers, 2005