troch: Berber van der Geest
slút de gerdinen lege lege wurden slút de gerdinen dan (Út: Der binne fan dy dingen)
en slút de wrâld út
fan haat en wrok
oeren en klok
gerop en geraas
in tsjokke waas fan wurden
dan
bouwe wy ús in hûs fan leafde
yn fjoerreade tekens dy’t skreauwe
en in elk yn ‘e flecht
set twa trije stappen tebek
en bliuwt stilstean
en slút de wrâld út
fan haat en wrok
oeren en klok
gerop en geraas
in tsjokke waas fan wurden
lege lege wurden
tekenje wy ús grêft fan leafde
yn klearhelder wetter dat streamt
en in elk yn ‘e flecht
set twa trije stappen tebek
en bliuwt stilstean