A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

(Titelleas fers)

troch: Sybe Krol

hjir leit de see, breed spegeljend ûntwyk
foar wa’t de jûn bekrûpt;
foar wa’t allinne is, is de seedyk
dêr’t jûn op jûn de sinne him fersûpt
yn blakstil wetter of yn foarse weagen
en tusken dyk en kym sykje de eagen
om in hâldfêst, in peal, in skip
dêr’t tinzen willeas har omhinne wine:
skipper, pas op, it is dêr net sa djip,
sil dêr dy kobbe aanst in tydlik rêstplak fine?
de sinne sinkt, in tsjokke dize
skoot no oer see en lân, fergrizet
de felle gloede fan de dei
de jûn wurdt klomsk, ûnwennich, mar men wit:
– men folget troch de loft syn steile wei
der is noch hope, want de wikel bidt,
de reade raven fan dit gea, mei skerpe kloeren,
stiet biddend stil mei amper wjukferroeren

 

út: Spiegel van de Friese poëzie, 1994

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.