Ik sit op myn telefoan
en it is alwer in oere letter
mar ja no begryp ik de wrâld
wol in bytsje better
Noch in filmke en noch ien
ik laitsje my betiden slop
oh in berjocht fan myn maat
ik klik der daliks op
Ik sjoch Barbier Rogier
mei 3 kapsels, net sa dreech
Dy ‘crew cut’ dat is wat foar my
skearst gewoan de sydkant omheech
Ik laad heit syn tondeuze op
wa wit kin ik it sels dwaan
En blondeare dat wol ik ek
dat sil grif in moai effekt jaan
Ynienen sjit ik út, oh fuck
in skeve baan yn ’t hier
de oare kant dan ek mar skeef
it blond stiet al wat skier
Ik sykje it filmke der wer by
by my sjocht it der raar út
ik skear it noch in bytsje by
mar ’t is net better ta beslút
Us mem seit eigen skuld
mar ús heit dy fynt it stoer
Ik baal dat it net better sit
noch in pear wiken dan is it oer
Dan krij ik jild en kin it oars
en moat de kapper it mar dwaan
Mar earst knip ik it by
en meitsje dêr in filmke fan
Ik post it en laitsje om it resultaat
wa wit gean ik noch firaal
want al stiet it net echt super
it bliuwt in ‘skear’ ferhaal