A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Tichterby

troch: Berber Spliethoff

Hy sit er!
No rêstich bliuwe.
Krekt dwaan as docht it dy neat.
Do bist cool.


In stapke tichterby.
Triljende hannen.
Gau yn ’e bûse.
Meitsje se ta fûsten.


Twa stapkes tichterby.
Hy sjocht dizze kant út.
In reade holle.
Gau, sjoch nei de oare kant.


Noch in stapke tichterby.
It hert dat slacht my yn ’e kiel.
De wyn nimt syn luchtsje mei.
O god, wat rûkt hy lekker.


Stap, stap stap.
Dan sitte, njonken him.
Jas tsjin jas.
Kom op, glimkje!


Do kinst dit.
Do hast dit oefene.
Kom op.
Sis dan wat!


‘Hoi.’
‘Hoi’


Toe dan!!


‘Giest ek mei de bus?’