A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Thússtriid

troch: ytsje hettinga

Tink net datsto de wrâld
yn moatst om de fijân
te ferslaan of de geasten
te ferdriuwen om’t sy
it binne dy’t dyn libben
besmodzje en oan grús slaan
Tink net datsto de himel
bebidde en befreegje kinst
om help, stipe en moed
foar al it goede datst mienst
te wêzen of te moatten
of hoe oftst dat ek fielst
Tink net datst it fine silst
alle lok fan ‘e himel
de frede op ierde
de sinne yn ‘e hûs
ast mei dysels
de striid net oangiest
Deadzje de machthawwers fan haat
ferslaan de soldaten fan wrok
jou it freonefront fan frede
de romte en strui blommen op
it slachfjild yn dyn holle
it sil dy frijheid jaan
út: argyf FeRstival