A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Thúskomst

troch: Syds Wiersma

Op ‘e Ivige Leane wurdt it altyd better,
men krijt der hâld oan ’t fiere grien:
De pleats is sichtber, tsien minuten letter
fytst men gerûs fan popelieren yn.

It ljocht stiet stil en skimerich yn de skuorre.
De rook fan hea en jarre gie ferlern.
Hoe lang is ’t lyn dat se de kij hjir fuorren?
Twa katteëagen ûnder in karavan.

Mar oan de wyn en beammen op it hiem
te hearren, is ’t net slim der oan te wennen,
dat heit en mem har eigen wegen gien’.

Yn ‘e keuken kreakje ús stappen fertroud.
Wy witte dat de flier it nea bejout,
dêr’t wy ús thúskomst oan werkenne.

(Ut: Hjir 1990-1)