A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Thús

troch: Albertine Soepboer

Ik sit wer oan see. It is leech wetter.
Skjipperstront plakt oan myn broek.
Yn ‘e fierte lizze de pakes en beppes
op it tsjerkhôf. Prikkedaam is it wurd
dat yn myn kop al fiif minuten wei is.
It waait dat it rikket, de beammen
fergroeie mei de wyn en de kij lizze
as grouwe bulten op ‘e seedyk.
Ik ha it sa stjerrende kâld hjoed.
Dyn liif stekt as in reade krab
út it slyk omheech. Ut dyn mûle
hinget grien seewier. Miskien lakest,
mar ik kin dyn taal net teplak bringe.
Ik sil nei hûs ta, nei heit en mem,
de skaden op ‘e muorren tusken ús.
Op ‘e fyts bid ik. Dat ik dreame mei.

út: De stobbewylch, 2000