’t Is earsteklas resjerzjewurk
dit sykjen nei de dieder.
Dat spoar fan bloed op jas en jurk,
is dat fan de ferrieder?
’t Boek nimt my mei, myn hert slacht fûl,
ik graaf yn it ferline.
Ik gean mar troch, ’k ha mar ien doel:
ik moat dy dieder fine!
Dat slagget! It ferhaal is út,
’k sjoch wazich om my hinne –
Mar ho, wat hear ik dêr by ’t rút,
wat soe dat wêze kinne?
De souder kreaket, it gerdyn
beweecht, aanst sjoch ik in revolver!
Of is it inkeld mar de wyn
Dy’t om de huzen boldert?
Dat skaad, is dat in enge man?
Moat ik fersiden dûke?…
Alhiel fan ’t sintrum smyt ik dan
dy thriller yn ’e hoeke.