Okkerdeis lies ik yn in boekje,
dat fûn ik machtich ynt’ressant:
‘alles watst wolst, kinst berikke’.
Sa’n fynst, dat is fansels briljant.
Ik ha ’t yngeand bestudearre,
ek al wie dat soms in toer,
mar, om grut sukses te hawwen,
dêr haw ik in soad foar oer.
In kwestje fan konsintraasje,
dy sterk fokusje op in doel.
Bist siik? Tinkst dysels wer better.
Jout dat no net in goed gefoel?
Fansels haw ik it útprobearre
moarns betiid yn ‘e drokke bus.
Konsintrearre my op in plakje…
Wat tinkst? Sukses fersek’re dus!
Yn de disko seach ‘k in famke*.
It tocht, dat stik fersier ik sa.
Stapte der frijmoedich hinne,
En ja, se* hapte daalk ta!
Ek mei fuotbal, yn it klaaihok:
Ik sei: ‘Ik skoar de earste kear.’
Nei tweintich minuten spyljen
in moaie pass – fuortdaalk klear!
Ien ding, dat wie o sa spitich,
dy s.o. leare hie ‘k net dien.
Ik tocht, dat wurdt wer in makky,
mar, doe krige ik in … ien.
* kin ek jonge wêze