A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Terrorklasse

troch: Paul van Dijk

Us klasse is de drokste,

gjin learaar dy’t ús mei.

Fan fierren kinst ús hearre

sa giet it der omwei.

 

 

De dei begjint al goed,

de helte komt te let.

As frou de Jong wat sizze wol d

an lústerje wy net.

 

 

Nynke praat mei Hester

dat hâldt by har noait op.

As Wilco achteroerfalt

dan laket se har slop.

 

 

Hidde goait mei propkes

by Isa yn ’e jas

en Siebe sjocht wat sneu

der lekt wat yn syn tas.

 

 

De hiele dei dy drokte

by Ingelsk, Dútsk, technyk.

By skiednis fan mefrou de Boer,

by Faber en Van Dyk.

 

 

’t Is gaos alle dagen.

It sit ús mentor heech,

dy seurt de hiele mentorles:

‘Jim sifers bin’ te leech!’

 

 

Us klasse is de drokste,

mar net by menear Bril.

Dy man hat each foar elkenien

by him is ’t einlings stil!