Ik bin as teen-ager net min:
ik ha ferkearing, mei Jan-Geart,
ik praat Ingelsk en ik smook
en rin mei de nâle bleat…
Sa gean ‘k mei Iris nei de ‘dancing’
of út en troch ris nei de ‘Zoo’.
Juster stienn’ wy foar in ‘shop’
en dy ‘shop’ hjit fan ‘Tattoo’.
Soks doarsto net, sei Iris,
want do bist in skiter…
Jawol! rôp ik, mar thús
krij ik gesoademiter!
Ik woe mysels bewize
al wie ’t tsjin myn gefoel.
Ik lei, ear’t ik it wist
healneaken yn ‘e stoel.
Ik lei dêr sa te switten,
wat hie ik it benaud!
Ik hie myn lichem oan
dy nulle tabetroud…!
Mem, sei ‘k thús, ‘k ha in tattoo…
Ik seach har tinken: leave sei!
Stadich die ‘k myn skouder bleat…
Us earme mem, hja luts wyt wei!
Mar myn skouder wie neat mei.
Dêr hie ‘k har moai te fiter!
Nee, gjin tattoo. Wol wat oars.
Mar dat mei mem net wite…
Mar moarn mei eltsenien it sjen,
dan gean ik wer nei ‘school’.
Dan bin ik ‘hot’, want ik ha
in nâle-peircing, is ’t net ‘cool’?!
(net earder publisearre)