Fjouwer wie ik, doe koe ‘k fytse.
‘k Hie myn nocht fan it gerin.
Fleurich fleach ik oer de stoepe.
‘Sjoch ris memmy wat ik kin?’
Doe ’t ik fiif wie woe ik swimme.
No, dat ha ‘k doe ek mar leard.
Op myn seisde krig’ ik redens,
‘k waard de fluchste fan de feart.
‘k Gie op kuorbal doe ’t ik sân wie,
letter kaam dêr ’t keatsen by.
De iene beker nei de oare,
wat wie memmy grutsk op my.
Bugel spylje, taarten bakke,
beamkeklimme, hynstesport.
En op skoalle hege sifers,
elk jier wer in goed rapport…
No ha ‘k foar it earst ferkearing.
Dat wie noch in hiel gedoch.
‘k Ha der bot oan wenne moatten,
mar no ha ‘k it trúkje troch.
Mem dy hat neat yn ‘e gaten,
gjin idee wêr’t ik jûns bin.
Soe mâl opsjen as se wiste
wat ik allegear al kin.