troch: ytsje hettinga
Yn ‘e bus ûnderweis nei skoalle seach er net út by ‘t oerstekken of al sa lang fertelt it krús fan net earder publisearre
ride wy alle dagen by
it lytse brune krúske del
it stiet yn ‘e berm fan
de autowei by it krúspunt mei
in dyk fan doarp nei doarp
harke er nei syn mobyl
hie de sjauffeur dronken
of lêst fan de ûndergeande sinne?
ik wit it net
ik wit neat fan him
syn namme yn ‘e simmersinne
by ‘t winter stiet it draachhout yn
wyt beripe gers yn de maitiid wrotte
hynsteblommen út ‘e grûn
alle jierren bloeie der yn ‘e hjerst
reade roazen.