A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Swimme

troch: Berber Spliethoff

Marchje appte Bouke.
Bouke appte Sjoerd.
En doe krige ik it berjochtsje ûnder eagen.
Ik fielde my fuort beroerd.

 

Eangstich seach ik de klasse troch.
Please stjoer Froukje gjin berjocht.
Mar Froukje seach it al en knikte wakker.
Shit, wa hat dit betocht?

 

De hiele klasse sil mei.
Wiebe giet grif efter Froukje oan.
Der sit mar ien ding op:
ik moat swimme moarn.

 

Swimme yn dat kâlde wiete wetter,
dêr’t ien dy samar ûnder drukke kin.
Dat djippe wetter, dat gefaarlike wetter,
dêr’t ik fansels net bang fan bin.

 

Mei gloednije swimklean oan,
stean ik de oare deis op ‘e râne fan it bad.
It wetter griist my oan.
Ik wit net hoe’t it no fierder moat.

 

Dan ynienen is Froukje dêr.
Hoi, seit se, swimsto ek net?
Kom wy helje in iisko.
Fan dat wetter gjin ferlet.

 

Sa sitte wy in skoftke letter
op ús handoek mei in beker iis.
Wat no swimme?
Dan binne je dochs lang net wiis!

 

net earder publisearre