A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Swimles

troch: Eppie Dam

Doe’t ik by de sleat siet,
seach ik in kikkert hieltyd
tsjin de kant oan swimmen.

 

Ik woe him in hân jaan,
of, as er dat doarde,
de mouwe opstrûpe
en fan myn earm
in loopplank meitsje
om derút te klimmen.

 

Mar ynienen seach ik
oan syn false eachjes
en dy brede smile,
dat it dy hont
fan in badmeester wie.
Dêr wie er betovere,
dy dweil.

 

Doe koe er fernimme
hoe freeslik it wie,
dat yrritante gefluit,
dy grintstiennen stim:
Nee, jij gaat er niet uit!

 

Mei de foet op it trepke
liet ik him swimme.
En krekt sa gnizend,
krekt sa klappend,
kommandearde ik him:
Intrekken Spreid Sluit!
Intrekken Spreid Sluit!

 

Út: Hjir, 1999, nû 4

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.