Wêrom in swijsum lânskip oan ‘e muorre hingje
dat oars net freget as nei juster en dêrfoar,
de fjoerflinter bewarret as fossyl?
Myn each swalket troch de rûchte,
raffelrânen stikelje de friesloft.
Ik preau in tear tegearre fan
mimerjen yn strieïch reid,
hear de winterhurde grûn heas
en heimfol flústerjen oer leavjen.
Ik jou in wjerwurd oan de froast
dy’t as in freon it lûd fêsthâldt fan
spattend wetter op ús simmerliif.
Wêrom dit kritend lânskip oan ‘e muorre
as in pleister op myn sear?
Ik stoareagje nei it skerpe ljocht
dat linkendewei fersêftet
yn moederaasje mei wat juster wie.
út: Ensafh. 2015