A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Swije

troch: Janneke Brakels

Hoe lit ik witte
wat ik tink
Sûnder der tefolle wurden
oan smoarch te meitsjen
Smoarge wurden helje neat út
Sis dan mar leaver neat


Somtiden
wol ik wol wat kwyt
Mar hâld ik my wyslik stil
Efterôf tink ik dan
ik hie dit sizze moatten
of dat
Ach, wês de wiiste mar


Mar op hokker wize dan?
It giet ek om de toan
fansels
Moat ik swije as ik
gjin toan fine kin?


Sjochst wol?
No reitsje ik it dochs
wer kwyt
Sykje ik wer om myn wurden


Al dat gepraat
Hellet it no wier wat út?