A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Swetser

troch: Jurjen van der Meer

Juster fregen se op skoalle,
wat ik letter wurde woe.
‘t Wie in soartemint fan test dus
alles mocht en alles koe.


‘k Moast fansels wol even tinke,
mar ynienen wist ik wat.
‘k Soe wol ridder wurde wolle,
‘t leafst op in ûnbidich slot.


Mei in harnas en in hynder
wie dat ommers samar klear.
Mar dat koe net, sei de man, want
ridders wiene der net mear.


Yndiaan koe ek neat wurde,
as ’k noch oare dingen wist?
Mar piraat op Madagaskar,
dat stie ek net op ’e list.


Ik betocht ûntdekkingsreizger,
en judoka, fjirde dan.
Samoerai, nee dan noch leaver
fuort mar keizer fan Japan.


Hy besocht it doe mei bakker,
timmerman en mei piloat.
Mar ik tocht fan sokke minsken
binn’ der ommers al sa’n soad.


Dat it joech wol wat problemen,
mar doe wist er wat foar my.
Hy sei: “Kinst wol swetser wurde,
do hast aardich fantasij.”

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.