A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Swarte mamba

troch: Jelle Bangma

Myn broer hat in ekstreme hobby;
ik wit net oft ik him ferriede moat
no’t hy, ferstoppe op syn keamer
hiel stikem dêr in swarte mamba hat.

 

 

‘Och,’ seit ús mem, ‘hy hâldt fan bisten.’
Ik wit: sy wol gjin rûzje of in rel,
mar mem wit net dat mamba’s moardzje
om’t se sa giftich binne as de hel!

 

 

Nachts kronkelet mamba oer de râne,
se slikket sleau en flaaikjend oan myn doar,
wol tútsjes jaan of eefkes krûpe,
mar ‘k bin net gek, hy siket mar in oar.

 

 

Myn broer dy keapet wite muzen,
want fegan is hy net, it kronkelkring.
Myn broer is al hast blut en bromt no:
‘Ik tink dat ik ‘m nei ’t asyl tabring.’

 

 

Dus it is klear, ik wie ferromme
doe’t broerkeleaf him nei ’t asyl tabrocht.
Mar ‘k haw in nij probleem sûnt fan ‘e middei:
hy hat in bakfol mei piranja’s kocht!