A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Swarte kofje

troch: Ytsje Hettinga

Der is in wrâld
neist ús wrâld
de earste wrâld
Yn dy wrâld leit in lân
grôtfol kofjekopjes kofjekannen
kofjefilters seefkes ljochtsjes
In grôtfol lân
mei apparatuer foar espresso
kappesino en kofje-gewoan
’t Is it lân
fan kofjetsjok en kofjeskoft
fan kofjeblom en kofjegrom
Yn kofjehuzen
yn kofjekeamers
oan kofjetafels
oeral
drinke wite minsken
swarte kofje
Der is in wrâld
neist ús wrâld
de ferkearde kofjewrâld
As se ea op ‘e kofje komme
moatte se ús net swart oansjen
dy wite minsken
Se betelje de kofje swart.

Ut: Fersefariaasje, 2003