op slach wie ik wei
fan dyn fluwielen kaft
flamjend read
dêr op de heechste plank
yn ‘e midden
rymden ús titels
romantysk
kaft tsjin kaft
wy lienden ús letters
wy setten ús sinnen
wy joegen ús wurden
se stienen swart op wyt
ús ferhaal, dielen en dielen
sûnder komma’s, sûnder fraachtekens
poëzij
mei gjin pinne te beskriuwen
allinne wy ferstienen ús taal
wy lienden ús letters
wy setten ús sinnen
wy joegen ús wurden
en it stie swart op wyt
mar dyn styl bliek fiksje
net mear as in mearke