troch: Ciska Noordmans
Op it plein ha wy ’t altyd oer Nim no Lex Luthor of Red Skull Dat is ús mem dan min nei ’t sin Uteinlik gean ik dochs mar los
de superhero’s fan DC
Mei myn freonen doch ik stoer
imitearje ’k Superman en Thor
Mar eins ruilje ik se mei faasje
samar yn foar wer in oar.
Venom of Harley Quinn.
Eins ha ik fan tiid dan gjin benul
en dream ik fanút ’e luie stoel
Ik fjochtsje, sjit en win
ruilje SO’s foar oarlochsdoel.
dy wol my oan it learen ha
Oft my dat wat boeie kin
dy saaie feiten lang ferlyn
Moatst tinke! No nee, grazia!
Jou my mar Marvel Academia.
mei de siden út myn boek
en ferlies ik my mei reade blos
yn Robin Hood syn striid
galoppearret hy as coole dude
as superheld troch myn tiid!