Us mem hat de smaak wer ris te pakken
Bytiden is sy wier net goed
Sy stiet de hiele dei te bakken
Want wy bin’ oan de superfood
Pakjes en pûdsjes binne ferline tiid
Alles moat dus bio, fresh en raw
Mar it iten dat ús mem no siedt
Dêr bliuw ik it leafst fan ôf
Kikkereartepasta en koekjes fan spelt
Ik fyn it eins in grutte griis
It is foar my de smaak dy’t telt
It hoecht om my net sa healwiis
Har resepten fynt sy fia de media
Praat oer Sonja, Rens en Jeanet
Lêsten frege ik har: quino-wa?
Mar dy grap snapte sy net
Heit stipet ús mem, dat is wis
Mar ik fyn it wol hiel apart
Dat sûnt ús iten ‘super’ is
Hy jûns hieltyd wurkje moat
Ik mis de bôle, sels de spruten
Eartiids wie it goed foar inoar
Fuort mei dy siedden, pitten, nuten
Want ik bid der net mear foar
net earder publisearre