troch: ytsje hettinga
Wy wiene yn in see fan blommen Sussy wie de matroas Wy makken kettings fan koweblomkes De tiid hat ús oer de râne slein
beppes âld tafelkleed wie it flot
it hiem de blommesee
do wiest de kapitein
en ik de stjoerman
se koe noch net goed rinne
se foel hieltyd
in dronken matroaske wie se
har hierstrik huppele yn ‘e wyn
it kleed wie fol skatterlûdsjes
blommekettings foar om ‘e hals
de earms de ankels
kettings fan dy nei my
de flechten yn ‘e doaze lein as
skeinde blommen brutsen kettings
kom litte wy it weagjend kleed befarre
en kettings fan oantinkens meitsje
ear ‘t de see it hiem berint