A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Sûnder dy

troch: Jurjen van der Meer

Ik wit it wol, it is dyn rjocht,
do woest net by my bliuwe.
Mar om’t ik my sa iensum fiel,
woe ‘k dy noch ien kear skriuwe.
‘k Ha krektlyn rûzje hân mei heit,
’t wie eins in spul om neat.
Mar wy binn’ beide eigenwiis,
en dêrom rûn ’t ferkeard.
Op skoalle gie it ek net bêst,
‘k hie juster wer in trije.
Ik hie ’t wol leard, mar ja dy fint
dy mei my ek net lije.
En ûnder ’t spyljen tsjin Blau-Wyt,
sei Kamstra fan ‘e moarn:
‘Ik wit net wêrst de kop hast, dus
klaai do dy mar wer oan.’
Doesto noch mei my gyngst wie ’t oars,
doe gyng alles sa kreas.
It libben sûnder dy is neat,
it is sa útsichtleas.
Ik wit it wol, it is dyn rjocht,
do woest net by my bliuwe.
Mar ’t keallet swier sa sûnder dy,
dat woe ‘k dy eefkes skriuwe.
út: argyf FeRstival