A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

sulverfûgel

troch: Tryntsje van der Veer

in skittering yn sinneljocht
ik sjoch dy nei en mimerje
sulverfûgel wêr giesto hinne
wa hasto yn dyn lyfke mei

 

 

ik dream fan lannen fier oer see
tink oan woastinen giel en toarstich
it grien fan oerwâld noch bewenne
draachtsto bisten yn dyn rom?

 

 

of lannesto by Fjoerlân aanst
en sille lju djoer súdlik farre
plestik tekens fan bewenning fine
befêstigje dat iisbergen rane

 

 

binne dyn reizgers bliid om’t it
fakânsje is of drôvich om’t sy
ôfskied namen koffersfol tôgen
en blyn binne foar letter tiid

 

 

sulverfûgel bringsto my
har ûntdekkingsferhalen
as aaien fan har neiteam