A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Striptease

troch: Froukje Annema

Wy hawwe nije achterbuorlju
no sûnt in wike as acht
en dy feroaring op ‘e buert
hat my danich yn ‘e macht.
Want witste, dy nije buorlju ha
in spetter fan in soan
en syn keamer leit foar minen oer,
bliuw dan mar ris gewoan!
Syn buro kaam moai foar it rút,
dêr stiet minen no dus ek
en altyd as hy leare moat
dat moat ik dat ek krekt.
Hy sjocht my net, om’t tusken ús
in pear hûndert meter leit.
Ik sjoch him wol, hiel stikem hear,
mei de kiker fan ús heit.
En jûns as ik op bêd moat,
sit ik oeren foar it rút,
stoarje langjend nei de oare kant,
mar ’t hellet noait wat út:
hy sjocht net op, dy boekewjirm.
Juster tocht ik: No wurdt it tiid
foar even alles út ‘e kast,
ik smyt myn sjarmes yn ‘e striid!
Dat ik klom boppe op ’t buro,
dûnse seksy yn it ljocht
en ‘k joech in striptease, net sa min,
wylst ik om de kiker socht.
En doe? Doe klom er krekt as my
ek op it buro foar ’t rút
en hie, foardat ‘k it betinke koe,
ek in kiker foar de snút.
En ik stie yn BH en slip
allemachtich moai foar peal.
Ik wie ek neat net seksy mear,
mar neaken en sa keal.
Ik sloech der hopeleas mei oan
de hannen foar ’t gesicht
en raamde doe sa hurd ik koe
de oergerdinen ticht.
(út: FeRsefariaasje, 1993)