A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Stoarmskea

troch: Jurjen van der Meer

It waaide dat it rikke,
minsken no, dat wie my wat.
Yn elts gefal lei fan ‘e moarn
de wylch fan buorman plat.


De tûken troch de glêzen
en de stamme troch it dak.
De grientekas oan flarden
en de túnbank yn ‘e prak.


No is de buert oan’t helpen,
sels de brânwacht hat al west.
Hast elkenien dy fynt it sneu,
mar ús mem dy fynt it best.


In beamke dat is gjin probleem,
mar it moat fan lyts formaat.
Mem wol gjin blêden op it hiem
en hielendal gjin skaad.


Sa’n grutte beam is mem in griis,
dy mei fan har wol om.
Us mem komt fan de hege klaai,
sy hâldt fan ljocht en rom.


No stiet se yn it sintsje,
sjocht it leed yn buormans tún.
Dan ropt se fleurich oer it stek:
‘Ik ha de kofje brún…’


net earder publisearre

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.