A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Stil momint

troch: Jelle Bangma

foar H

Stil
lei it grien dêr oer de lege lannen
fan kleur fersketten, ’t jonge gers kroep wei
wreed waard it libben
skept en brutsen
lam stiene wy te sjen
sa macht’leas wiene wy dy dei.

De fammen gûlden en de jonges flokten
oer jakkerjen, fan rem- en brommerspoaren
fatale tafal, rekonstruksje fan de klap!
Oer lêste omgong en foargoed de fragen
yn ‘e eagen fan syn mem,
de jonges gûlden en de fammen treasten.

Hjoed binne wy der wer
wy baarne kearskes
en wy lizze blommen
by de flinter fan ‘e nacht.
Foarsichtich komt it jonge gers oerein
as wol it wize op it libben
dat noch stiet te kommen.

De dyk gebiedt allang
oan elkenien syn wil.
Hiel inkeld
stiet dêr ris in auto
stil.