A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Stil as iis

troch: Benny Holtrop

Wat no?
Moat ik mysels moed ynsprekke,
opslach fleurich wurde?
Moat ik ynienen glimkje,
sizze: doch net sa healwiis?
sizze: ik leau it is tiid foar in slokje?
Stil as iis wiest,
iis dat der besletten by leit,
kâld, stiif, hurd,
hûd fan beferzen wetter.
Betrouberens achtet it net,
oaren hifkje dy mei
modderkluten, bakstiennen,
it stampen fan in klompe,
it útskriuwen fan in wedstriid
lang om let. Sa’n earste kear
hat noch altyd eat fan
weachhalzerij.
Dêr ferskûlesto dy efter, letter:
datst net ride koest om’t jim folk
gjin jild oer hie foar
in goed pear redens.
Mar gjin iis wie sûnder him,
gjin wedstriid sette útein
as sa’n namme net op ‘e list pronke:
moaie jonge op hege noaren.
En do,
dy jûns,
ál dy oeren op ‘e iisbaan:
út ‘e mjitte streekje by
de reedriderspolka,
stroffelje oer skuorren,
stutelje by gysten iisnocht lâns,
stoatskave op slach fan
stikkene bonken;
it hie wei fan in swaktebod.
En hý socht it net hegerop,
wreau hals, wangen, mûle,
dyn seare knibbels yn mei snie.
Foarby dy kear
wie gjin ferjitten mear.
Nea haw ik dy riden sjoen
en dyn moaie iisfeint
haw ik mar justjes kend.
Ik wit fan doe út dyn ferheljen.
Wa hie noch weet fan dyn redens?
En nó, dit hûs
dat út it lead hinget
fan ‘e oantinkens,
hat se niis priis jûn,
slomjend yn bedrûge faseline en
fermoedens fan learfet,
mar ree om jitris útein te setten.
Moat ik mysels no moed ynsprekke,
op slach fleurich wurde?
Moat ik ynienen glimkje,
sizze: doch net sa healwiis?
sizze: ik leau it is tiid foar in slokje?
Hjoed net!
Ik bewuolje dy tenearsten mei,
yn it bestoarne nijs
fan ‘e âlde kranten.
Mar earstdeis, thús,
as de dagen lûdleas wurde
en amper noch tiid hawwe om
del te kommen,
dán byn ik se ûnder.
En skrasse sil ik, oant dit iis brekt!
út: argyf FeRstival