Oeren sit ik al oan tafel,
mei seis sprútsjes op myn board.
Ik wol se dêr graach lizze litte,
mar ús mem seit: ‘Ite! ’t Moat!’
Seis fan dy fize, griene knikkerts,
lizze dêr, sa foar myn snút.
It liket wol, nee, ‘k bin der wis fan:
dy dingen libje! Se laitsje my út!
Mem seit: ‘Board leech, leave jonge’
– se sit oan tafel, flak neist my –
‘Allegearre fitaminen,
yt mar troch, dat is goed foar dy!’
Sprútsjes sûn, dêr leau ‘k neat fan.
Stjonke dogge se, ja, dat wol.
En wêrom sitt’ dy fitaminen
yn sa’n goare, griene bal?
Hoe kom ‘k der ôf, sa sit ik te tinken.
Dy dingen ite? Dat kin ‘k net mear.
Mar as ús mem nei de wc moat,
haw ik myn sprútsjeplannen klear.
De earste sprút giet yn in blompot,
nûmer twa ferdwynt dêr ek.
Dêrnei triuw ik nûmer trije,
by de kranten yn it rek.
Nûmer fjouwer giet ta it rút út,
Nûmer fiif fljocht op ‘e kast.
En nûmer seis – hyp hoi, de lêste! –
yn myn bûse, bliid dat ’t past!
Ik wit seker dat ik letter
nea wer sprútsjes ite sil.
‘k Wit wol: fitaminen bliuwe nedich,
mar yn de takomst: graach yn in pil!
(net earder publisearre)