A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Sportyf

troch: Jelle Bangma

‘k Mei hiel graach yn ’t swimbad lizze
en ik swim ek bêst wol hurd.
Mar sa’n startblok en dan dûke?
Kram’le nee, dan bin ‘k sa’n tut.

 

‘k Mocht ek hiel graach hynderride,
yn ‘e bak en moai yn ’t rûn.
Mar as ’t bist begûn te draven
dan stie ‘k gau wer op ‘e grûn.

 

‘k Stie ek fakernôch op redens,
ja, op ’t iis hie ik sa’n nocht.
Mar ‘k ried inkeld rjochte eintsjes,
want ik doarst de bocht net troch.

 

Yn ‘e ringen koe ‘k net hingje,
op ‘e fyts stie ‘k op ‘e rem,
surfe die ik yn ‘e lijte,
‘k lei by judo ’t leafst mar klem.

 

Alle sporten fyn ik machtich,
‘k bin ek hiel sportyf, seit elts.
Mar ik bin sa’n bange skiter,
no dan wurdt it niks fansels.

 

‘k Wit it sels, ‘k bin net in topper,
mar dy top is flauwe kul.
‘k Fyn it leuk, ‘k sil no te silen,
mar ik hoop op wynkrêft nul!

 

(net earder publisearre)