Ik ha in spegel op tafel set
do lakest wat nei my
fan bûten lykje ik wol op dy
mar wa’t ik sjoch dat bin ik net
Do hast presys de goede klean
(in rare jeans, dat is ferbean)
Dyn sportskuon bin altyd fan Nike
(want oars dan krigest net in like)
Dyn Instastories bin’ perfekt
(sadat online dyn status tsjekt)
Oeral moatst oan tinke want,
wat telt dat is de bûtenkant
Doarde ik dat byld mar stikken slaan
gewoanwei as mysels te dwaan
Dan sjogge se wa’t ik werklik bin
wat ik tink en leau en kin
Mar doch ik dat, dan bin ik weird
praat ik oars dan is ‘t ferkeard
Kies ik foar myn eigen wei
dan hear ik der net mear by
Dêrom doch ik mar as dy
ik lykje lokkich en sa frij
Perfekt en moai en o sa leuk
want do bist myn spegelspreuk
Ik ha de spegel op tafel set
om mysels net te ferjitten
as werinnering oan it witten:
watsto dochst dat bin ik net
Soms dan fiel ik my allinne
mar it masker sil net winne
yn dyn eagen, yn dyn blik
ferskûlet sich myn wiere ik