troch: Ytsje Hettinga
der brûzet in fûns troch it lân flinterspinnen spanne gouden tiden oer iepenloftspullen en terpebylden yn bûter swimme fisken grinzen oer meidwaan wol ik tusken dûnsjende kij op wolken boartsjend klauterje ik yn beammen dy’t yn ‘e loft hingje en it folksliet sjonge tsjerketuorren rikke my de hân swellen tippe de hoanne oan tútsje ûlen út ‘e nacht foar‘t de moanne komt roppe fleanende kikkerts om kultuer yn kastielen it doarp rint út it reint minsken yn eigen taal yn huzen fol ferhalen sil ik oer read wetter nei de sinne sile mysels wekker spegelje yn stedske fonteinen