A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Soms

troch: Wim Beckers

Soms wurde saken sa ûnwichtich
en stiet de wrâld op syn kop
Soms is yn wurden net te fetsjen
hoe’t it no eins fierder moat


Soms glûpt alles troch jins fingers
en is der gjin paad werom
Soms falt in tsjinslach net te kearen
is it sa taastber rûnom


Soms is der inkeld ûnwissens:
wie it allegear foar neat?
Soms krijst gjin antwurd op fragen
Wie it no goed of ferkeard?


Soms falt der neat mear te ferliezen
Soms liket alles echt ferlern
Soms is der gjin útwei te finen
mar soms… wolst him ek net sjen