A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Soms

troch: Jurjen van der Meer

Soms,
yn ’e maitiid,
sjoch ik samar
by it bankje yn it park
dyn namme
yn krookjes en snieklokjes.
It wie ús bankje,
seidesto faak.


Soms,
yn ’e simmer,
skriuwe weagen
wurden fan treast yn it sân
fan it strân.
Se stean der mar eefkes,
mar krekt lang genôch
om se te lêzen.


Soms,
yn ’e hjerst,
roppe guozzen
ferhalen fan lang lyn
en fier fuort.
Witst noch wol
en pas goed op dysels.
Wy moatte fluch fierder.


Soms,
yn ’e winter,
blaas ik,
op kâlde blauwe dagen,
wite wolkjes yn ’e loft.
Sa sis ik wat werom.
Sa kinsto my ferstean.


Wy prate net lang.
Dat diene wy noait.