A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Sniedûns

troch: Ytsje Hettinga

Sûnder drek en dridze
skode heit
de mjukskroade mei striedong
oer de sânstruide planke
de rjochte rûchskerne op


Mem skarrele as in skime
efter it beblomme sydfinster
dat út in gielens skynde


Wy boarten yn ’t skimertsjuster
yn ‘e snie dy’t dunen jage op it hiem
skammeljend yn learzens fol kjeld
ploften wy dronken yn ‘e banken


De wrâld lei yn skjinnens
om ús hinne
en ik fielde my
de dûnsfaam fan de natoer


Doe’t de skonken
ús net mear drage koene
stuitelen wy dûzelich yn ‘e hûs
en dreamden fan droege sokken.