A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbĂ» / hbĂ»

Snein

troch: Elske Kampen

Ik wit wol, snein is yn prinsipe
krekt sa lekker frij as sneon mar
sneins dan fielt it krekt as wol dat
frije net en krûpt der swier en
dreech in skyldpod oer my hinne.


Snein fielt as wachtsje op wat
mooglik komme sil. Der kin fan ier
oant let in rare muoike of in beppe
komme. Mar miskien ek net en
dat ik dĂŞrom dan neat kin en mei.


Freed dat is de fijnste dei, hertslachdei,
sa’n sin oan dei, hast wykeindei.
Mar snein dat is in in sleauwe dei mei
tichte winkeldoarren en plestik pûden
waaiend oer in stille wei.


Ut: Dit is it gedicht / dit is het gedicht, 2012