foar de tinzen dy’t nachts by my krûpe
soe ik de doarren slute wolle
want op’e grins fan sliepen
slûpe slangen troch kieren
en sisterje mei spjalten tonge:
oer de skonken mei bosken hier
moast dy no net ris skeare ?
oer it learen fan elk projekt
dat hoecht net sa krekt
bist in nerd, dan bist gek!
oer myn broek; hinget dy
wol leech genôch,
heart de riem der wol by
hast de nâle wol frij?
dy skuon, it is bespotlik
se sjogge dy moarn net stean
hast al pûdsjes mei sylikoane-dsjel?
dy bringe dy better yn model!
swittend wurd ik wekker,
moarn stean ik wer by skoalle
en fiel my ûnwis
wat nò de moade is
sêft freegje ik ús leave Hear
please, lit de slangen swije
se meitsje my sa bang
moarn fine se my in dikke doas
please, kin it in bytsje oars?