A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Skuorrekoar

troch: ytsje hettinga

hark
hearst dat
hearst dy lûdsjes


sjoch
sjochst dat
sjochst dy kopkes


moatst net ferwege
moatst hiel stil wêze
moatst hiel goed sjen

 

ja
sa
krekt


sjochst se wol dy kopkes
hearst se wol dy lûdsjes


seis binne it
seis bekjes
oranje giel

seis holtsjes yn seis boltsjes
tsjin it reid op it bynt
seis kieltsjes dy’t roppe
yn in kuorke fan klaai


fundemint
boppe hollen
muzyk foar earen
skilderstik foar eagen


sjoch….hark….sssttt…


programma takom maaitiid
selde plak selde tiid