A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Skûlplak

troch: Berber Spliethoff

Der stiet in famke by de bushalte.
Ferdreaun, flechtling, allinne.
Wêr komt sy wei?
Wêr giet sy hinne?


Wêr wie sy lokkich?
Wêr fielde sy har thús?
Wat liet sy efter?
Wa dreau har fan hûs?


Wat soe sy oars dien hawwe op in dei as hjoed?
Gie sy dan ek nei skoalle ta?
Wa wie har bêste freondinne?
Wêroer soenen sy wille ha?


Ik strûp myn kraach omheech.
Ik sil it wol nea witte tink.
Rein slacht strymjend op ús del.
Myn eagen sykje yn de fierte.


En dan, wifkjend, stapke foar stapke,
komt se tichterby.
Se hâldt har paraplu boppe ús holle
en glimket ferlegen nei my.


Gjin ferwachtings, gjin oardiel, gjin ferwyt.
Wa’t ik ek bin, frjemdling of freondinne.
Se wit,
Eltsenien hat in skûlplak fertsjinne.


net earder publisearre

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.