A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Skrouske kuier

troch: Ytsje Hettinga

paraplu’s beskermje trêdzjende
toeristen tsjin de waarmte
op skeard gers


rigels wite krusen yn de
brânende sinne fertelle
de skaadkant fan eartiids


nammen wurde flústere
stiennen sûnder letters
skodholjend foarby rûn


in trompet werhellet
it lûd fan oantinken ûnder
in flagge healwei stôk


in âlde mem út Ingelân
leit hoeden in roas del
in fûgel sjongt heech