FERSEFARIAASJE

 

It jierlikse boekje Fersefariaasje, mei de gedichten om foar te dragen, wurdt gearstald mei fersen dy’t faak spesjaal skreaun binne foar dat doel. It Ferstival hat sicht op de aktive skriuwers yn Fryslân en daagt dy alle jierren út om yn ‘e hûd fan pubers te krûpen.

Likegoed beoardielet in karkommisje de ynkommen fersen anonym; net de skriuwer jout de trochslach, mar it gedicht dat ynstjoerd is. Sa bliuwt de kwaliteit fan de ynkommen fersen it kritearium.

In fers dat opnommen wurdt yn it boekje wurdt beleanne mei it bedrach fan €75,00.

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.