troch: Henk Nijp
ik socht strofen yn strjitten by de opfeart klotsten de seach noch wol in protte wurden no sit ik mei in lege holle
en yn stegen
sammele sinnen by de singel
fandele frazen yn ‘e frjemdte
en faker noch ticht by hûs
plôke hjir en dêr wat wurden
út ‘e berm
rigels by de wâl op, bleaune
stykjen yn ‘e reiden
ik naam se mei mar
even fierder by it heechhout
ûntsnapten se al út myn holle,
ferdwûnen as de lêste skries
sûnder ek mar in spoar
graffiti op bline muorren
leave letters kerve yn bast
frjemde tekens ferve op ‘e dyk
mar der bleau net fan hingjen
foar in sniewyt skerm,
myn fingers bliuwe stil
it toetseboerd ferstomme
dat prachtfers sil der dus
wol net mear komme