Oan in ûnbekende tafel,
yn in typical Ingelsk hús,
yt ik wat ûnwennich fan
in shepherd’s pie mei sjú
Ik nim in hap, it smakket net
myn búk docht ek wat sear
‘have a good night’s sleep, my dear’
Gelokkich, want ik hoech net mear
Tegearre yn in gastgesin
yn in betoverjende stêd
myn maat praat mei de gastmem
mar ik lis al op bêd
Dat Ingelsk praten doar ik net
dat gean ik út ‘e wei
ik naam yn myn koffer
eangst en ûnwennichheid mei
Moarn in dei yn Londen
ús learaar rint foarop
lâns skoallen, bylden, âlde tsjerken
en jûns binne wy deaop
It is allegeare prachtich,
mar miskien leit it oan my
dat ik útsjoch nei de freeds:
dan is de reis foarby.
Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023