troch: Jelle Bangma
Wy keazen foar de lange skimer Wy hawwe ús fertroud op leagen ha wy ús oerjûn yn ferlangen Der is gjin grins oan it oerlibjen Wy wenje no yn de barakken Ik gean werom, skielk wurdt it frede, net earder publisearre
om wei te wurden foar geweld
besochten doe de tsjust’re hoalen
om’t yn it ljocht gjin libben telt.
op hannelers fan minsken hopen wy
ha foar ús libben swier betelle
mar noch net wis fan frede en frij
en binn’ de stille tocht begûn
de bergen oer nei ljochte kimen
dagen en nachten ha wy rûn.
en bulten stikeltried ha ús net keard
de eangst hat it net wûn fan hope
de reis hat ús ek wûnders leard.
en spelle ‘wolkom’ da’s okee
mar witte ek fan de agresje
fan ‘rot mar op’ en ‘hjir gjin azc’.
yn Syrië op frije fuotten stean
myn bertegrûn wol ik bewurkje
dan sis ik: tank foar alles, ik moat gean…