Ik wit dy njonken my,
mar ‘k sjoch net om nei dy.
Woest juster by my wei,
It is foarby, foarby.
Do wiest myn fanke,
myn fanke Anke.
De learaar jeuzelt troch,
oer it stellen fan in frou,
yn Troje. It bedroch,
dêr weefden sy mei ôf.
Myn bêste maat wie hy,
it kôket yn myn bloed.
Ik sjoch him sjen nei dy.
It kryt krast oer it boerd.
Do wiest myn fanke,
myn fanke Anke.
De learaar ropt nei my:
Wa hat yn Troje wûn?
En do, fertel do my,
om wa is it begûn?
Ik rôp: Om Anke
It wie om Anke.